Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Troch de dei

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It ljocht fertizet yn de dize
fan de moarn en kin gjin tint
yn slomme noch berikke.
De stilte sprekt net fan it rizen
fan de sinne, want wat wint,
dêr sil de wyn oer wikke.

Image

De wyn seit wier wat yn in oere
barre sil, stekt op en waait
it skiere nei de fierte.
No kin it ljocht it lânskip roere
dat yn kleare kleuren baait,
de middei sil it witte.

Image

De sinne bliuwt net yn de midden
tusken moarntiid en de jûn,
mar sil syn geunst ferdiele.
Hy sakket diskear yn ’t fermidden
fan de tinten dy’t, ûntbûn
fan dize, folút strielje.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum