In wite stip links fan
de midden op ‘e kym
ferliest it fan it grien
en blau, mei stedske lym
stiif fêstset stien foar stien,
ferlern yn widens, net
ferlykber mei wat wie,
de flat.
In brún ferhaal dat op
de stange rêstend sit:
hy hiset seil en fok,
sylt hegerop en lit
him driuwe op it lok
fan widens, kleare kick,
want wit, dy fûgel dat
bin ik.
|