Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Syn dei

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
In memoriam Berend Bijlsma
âld-ynspekteur basisûnderwiis

Image

Hy stamme út it fiskersskaai,
it folk dat mei súdwester op
de seilen hise fan de aak
en harke nei de see, de rop
fan wyn en weagen, ’t wie syn dei.

Hy naam it lûd oer fan de wyn
en spile ’t weagerûzjen nei
op harpe en akkordeon
en stimde de piano mei,
dan wie ’t syn dei, it libben yn.

Lykas de fisker helle ’t net
yn, swier fan fangst, sa fiske hy
bedreaun de merk ôf nei antyk
en wie syn grutte langst derby,
dan wie ’t syn dei, hy hie it ret.

It fiskjen gie fan heit op soan,
it sâlte wetter siet yn ’t bloed,
sa kloppe ek syn romme hert
foar ’t bern, in stream fan eb en floed
sa troch de dei en ’t hold mar oan.

En kaam de aak de haven yn,
dan hie de fisker syn ferhaal
by harpe en akkordeon
besong er yn beholden taal
syn eigen dei, in tiid ferlyn.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum