Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Timpelflok

Skiednisbylden


Goadesoademiter,
sa flokten dy twa knapen
yn de timpel fan de god
dy’t mei syn hammer swaaide
foar felle flits en fûle klap,
sy hiene him te fiter.

Hiene dy twa maten
wol troch dat sy de timpel
skeinden fan de tongergod?
Sy waarden net kastrearre,
har earen bleauwen sûnder kleau,
te jong om oer te praten.

Ald genôch om nei de
see te gean foar ’t straffen
troch de floed, sy waarden oan
in peal bûn wylst de brâning
oer ’t strân nei beide jonges kroep,
har rop om help ferwaaide.

Net foar kening Redbad,
hy koe de drinkeldea net
oansjen, brocht de tongergod
in offer foar it libben,
sa hat er beide knapen ret.
 


Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum