Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Op ‘e brânsteapel

Skiednisbylden


Leauwe yn de iene tsjerke,
dy’t de iuwen troch foar hillich stiet,
in rotsfêst beaken yn de tiid,
dat streekrjocht wiist nei ’t ivich libben,
sjong dus mei it katolike liet.

Heart de pryster falske toanen,
slimmer noch, in liet dat hjir net heart,
dan brekt de tiid oan fan ferhoar,
wa’t kwea sprekt fan de iene tsjerke,
triuwt de wet oan kant, syn leauwe stjert.

Stjert it leauwe, ek it libben
hat gjin wearde mear foar God de Hear,
dy’t as Jahweh de dea foarseit,
in ketter heart net thús yn tsjerke,
elke katolyk is dêrmei klear.

Spui syn libben oer de strjitte
út en sleep him nei it folle plein,
dêr’t him de steapel wolkom hjit,
de flammen him de wet yndruie
fan in tsjerke mei de mis op snein.  

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum