oktober 8, 2026

Hear Sion út ’e fierte roppen
nei de generaasjes fan it folk
dat oer de wrâld fersille is:
‘Kom nei jim âlde lân werom!’
Wy hawwe yn de frjemdte sichte
ûnder haat fan generaasjes folk
dat wie fan ’t eigen plak wol wis:
‘Dit is ús lân, net dat fan jim!’
Hear, folk fan Sion, dizze útspraak,
kom oerein en folgje ’t ideaal
dat útgiet fan in eigen steat:
‘It joadske folk, dat binne jim!’
Wy hawwe yn de kampen kjirme
ûnder klappen fan it nazi-folk
dat ús fernedere ta neat:
‘Gjin joad komt yn ús lân werom!’
Hear Sion no noch lûder roppen
nei de rest dy’t net fermoarde is,
mei ’t Sionisme is neat mis:
‘Kom nei jim âlde lân werom!’
oktober 4, 2026
augustus 31, 2026