Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Jiske as lean

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*

Image

Nei de hichte is er klommen,
út ‘e hjitte fan it fjoer
dat lôget troch de strjitten
fan Davidsstêd Jeruzalem,
soe hy dat hillich paad ferjitte?

Jeremia is ûntkommen
oan ’t ûnhillich ballingpaad,
tank oan de foarst fan Babel;
yn frijheid kin er stean en gean,
mar sit, it sicht is miserabel.

Skatten ha se by him litten,
mar matearje lit him kâld,
syn fjurrich moed is dôve;
wurdt jiske syn profetelean
nei’t wapens him fan ’t ljocht berôven?

Yn de djipte hat er sitten,
mar it ljocht wie yn de put
doe’t hy it godswurd hearde;
de flammen smoare elke stim…
kin hy him moarn yn stilte rêde?

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Jeremia treurjend om
de ûndergong fan Jeruzalem’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum