mei 3, 2026

fan ûnbekend*
Lit gjin atoombom yn it lân
ûntploffe dêr’t men wennet,
ek al is it mar in test,
far oer de Stille Oseaan
nei Enewetak, in atol
fan neat, dêr kin it.
Lit alle minsken fan ’t atol
ferfarre, want sa kin it
foar dit folk út goederbêst,
gjinien is troch de bom der west
en elkenien is strielingsfrij…
fernimme bern it?
Wolnee, dy boartsje troch
en litte har net kenne,
komme letter wol werom
op wat sa al net barre kin
op Enewetak, har atol,
it sil nea wenne.
* Foto ‘Wetterstofbom op Enewetak’
april 18, 2026
maart 29, 2026