Ut it skûtsje-argyf 1987
Wat docht men nei ’t protest
as dat foar ’t eigen folk
fataal ferrint?
Dy nederlaach hat west,
der komt wol wer in kâns
dat men de konkurrint
útdaget foar revâns.
’t Is kostlik waar en waarm
op kosten fan de wolk
en ek de wyn,
mar Jelle* fielt de stoarm
fan op De Lemmer wraak
en slacht der gatten yn,
want dat is hjoed syn taak.
Wat docht sy nei ’t protest
fan ik wol net mear sjen
nei hoe’t it rint?
Sy stelt harsels de test
fan laitsjend yn balâns
en sûnder konkurrint
nimt sy op ’t skerpst revâns.
* Jelle Reyenga |