Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Jacht op nep-kommunisten

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

As Noard-Korea Súd oanfalt
en Sina Tibet anneksearret,
dan lit Amearika him hearre:
‘Slút alle kommunisten op,
oars sil ús ideaal grif stjerre!’

McCarthy focht foar ’t kapitaal:
‘Ferienje alle steaten
dêr’t riken heech wurdeare wurde,
slút alle kommunisten op,
oars sil ús ideaal ferwurde!’

Ferbline makke hy doe jacht
op ‘kommunisten’ yn de Steaten
fan ryk Amearika: ‘Sy binne
anneks mei Sina, ek mei Noard-
Korea, ’t kapitaal sil winne!’

Syn heksejacht waard him fataal,
sels brânde hy him oan de steapel,
opsmiten foar nep-kommunisten,
befrijd fielt men him fan de eask
fan ’t kapitaal en fan syn listen.

* Foto ‘Joe McCarthy’



Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum