Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Reek rûnom de troan

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1986

Image

It rikke boppe Snits fan spanning,
want De Lemmer kaam deroan
op ’t skûtsje mei in winnend sin;
de fraach wie: komt er op ‘e troan,
de jonge Jelle* tusken syn bemanning?

De reek waard nei de start noch tichter,
want De Lemmer kaam deroan
oer stjoerboard, dat it like min;
de fraach wie: wa komt op ‘e troan?
De jonge Jelle waard in kilo lichter.

De reek soe letter rap ferwaaie,
want De Lemmer kaam deroan,
frij silend sa’t in winner kin;
de fragen rekken út ‘e toan:
de jonge Jelle koe jûchheiend swaaie.

It rikke op De Lemmer minsken,
want de krânse kaam deroan
op ’t skûtsje mei in winnend sin;
it roer feroare yn in troan…
wat hie de jonge Jelle noch te winskjen?

Image

* Jelle Reyenga

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum