Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Deastille otter

Lyrysk Deiboek


Hy hie in sterke wil,
dus naam er altyd foarrang
yn it wetter, syn domein,
dêr’t fisken mei ûntsach
him alle romte joegen
of tsjinnen as syn miel,
no leit er stil.

Gjinien wie sa as hy,
sa grut en fluch as wetter,
dêrmei wie net alles sein:
hy hearske as tiran
dy’t alle romte easke,
gjin diel mar it gehiel,
hy wie sa frij…

… om mei syn sterke wil
op wei te gean nei foarrang
op ’e dyk, net syn domein,
mar ûnder it gesach
fan meunsters as tirannen
dy’t easkje harren diel…
hy leit deastil.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum