juli 20, 2025
fan ûnbekend*
In minske dûkt net djipper as
tsien meter ûnder wetter,
hat al gau ferlet fan lucht,
sadat er boppe komme moat,
oars rûzet rap syn lêste sucht.
In minske stribbet djipte nei,
wol dat syn geast it better
docht as wat it lichem kin,
dus makket er in batyskaaf
om yn de djippe see te sjen.
De ûndersiker yn de bol
giet mei it driuwlichem de
djipte yn, sa tsjuster as
de nacht wie dêr in neare sfear,
dochs kamen doe de feiten los.
Op alve kilometer djip
wie noch wol libben mooglik,
nettsjinsteande druk en nacht
dy’t hearsken sûnder djippe geast
dy’t slacht op ’t faaie libben acht.
* Yllustraasje ‘Batyskaaf’
juli 13, 2025
juli 6, 2025