Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Leaver dea as slaaf

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Francois-Auguste Biard*

Image

Hie hy net better stjerre kind
yn ’t eigen oerwâld mei de keatting
oan de lea?
De grûn wie elke stam bekend,
in mylde dea.

Hie sy net better deagean kind
op ’t ûnderdek wylst weagen sloegen
troch de lea?
Se rekke oan de see nea wend,
wie sy mar dea.

Hie hy net better deaslaan kind
de keapman dy’t syn lea betaaste
as in bist?
Hy wie net blanke kloeren wend
en hie net mist.

Hie sy har net tekoart dwaan kind
nei hûndert klappen fan de swipe
mei in list?
Sy hie har baas, dy goare fint,
foar ivich mist.

* Francois-Auguste Biard (1799-1882)
Skilderij ‘Bylden oan de kust fan Afrika’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum