fan Ferdinand Bol*
Rinne koed er as in hazze
út ‘e klasse, want dat fûn er neat,
Michiel woe leaver heger klimme
as in oar, de bûsen fol mei lead,
foar dy tiid ier yn it trimmen.
Fleane woed er as de miuwen,
hingjend yn it want en roekenêst,
it alderheechste foar in maatsje,
mar noch heger woed er, dat stie fêst,
yn de striid foar foarst en naasje.
Stjoere koed er al syn skippen
nei de Thames, de fijân yn de fal
as Romes ryk yn de histoarje,
dat de admiraal waard Hannibal,
yn syn tiid de heechste gloarje.
Trochgean woed er oant in kûgel
soarge dat er net mear rinne koe,
as admiraal net heger klimme,
dat Michiel de Ruyter hat him doe
oerjûn oan de lêste stimme.
* Ferdinand Bol (1616-1680)
Skilderij ‘Portret fan Michiel de Ruyter’
|