maart 23, 2025
fan ûnbekend*
Wa ûnderfynt net in barriêre
ûnderweis yn it bestean?
Mei gong kin men der dan oerhinne,
wat in goed ferhaal opsmyt
en ek it klappen fan ’t publyk.
Chuck Yeager woe it klappen hearre,
as piloat gie hy derfoar:
as earste troch de lûdsbarriêre,
wat him lûd applaus opsmiet
en boppedat in filmferhaal.
Elk minske wol leafst nei it stjerren
syn ferhaal oer it bestean
ferteld ha om bestean te bliuwen
yn de neitins fan de bern
en bernsbern, ’t klappen is dan oer.
* Foto ‘Charles Elwood (Chuck) Yeager’
maart 16, 2025
februari 17, 2025