Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Serieus spul

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Abraham Storck*
fan Willem van de Velde de Jonge**

Ha fjouwer legers ’t lân beset,
dan is it folk foargoed ferlern,
sa rôpen pessimisten,
mar bûten boarten noch de bern,
dy’t fielden… winst komt nea te let.

Salang’t de weagen brûzje frij,
sylt fol de winst op ’t wide wiet,
sa songen optimisten,
de hiele float naam oer dit liet,
De Ruyter wachte op heech tij.

Image

En doe’t in rike hannelsfloat
foer op in frije haven oan,
woe hy ta sjitten risse;
it dûbelspan*** liet leech fan toan
kanonnen bolderje by ’t soad.

Kijkduin koe ’t wrede spul oersjen,
ek ’t fleanen fan de heechste mêst,
foar ’t winnen net te missen;
elk song fiktoarje op syn bêst,
wylst bûten boarten noch de bern.

Image

* Abraham Storck (1644-1710)
Skilderij ‘Slach by Kijkduin’

* Willem van de Velde de Jonge (1633-1707)
Skilderij ‘Slach by Kijkduin’

*** Ingelsk-Frânske float

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum