januari 12, 2025
fan ûnbekend*
Lit ús stride foar it heitelân,
it lân fan net te tellen heiten,
net allinnich foar lân Noard,
mar ek foar ’t oard yn ’t easten,
Noard hâldt him oan de feiten.
Lit ús stride foar it earste feit:
de hiele archipel ûntdekke,
ek besitte as in oard
dat Noard syn speserijen
joech, bûgend rêch en nekke.
Lit ús stride foar it twadde feit:
de kleurling bylket net as blanke,
is net fan it knappe soart,
moat oer syn takomst swije,
foar syn ferline tankje.
Lit ús stride foar it tredde feit:
de archipel moat fan Noard bliuwe,
slút nea mei him in akkoart,
de kleurling sil swier lije,
lit him de dea mar priuwe.
Lit ús tajaan dat it hiel oars leit,
dat heiten deade ha de feiten
dy’t relativearren Noard
syn oanspraak op ’e minsken
dy’t foar de frijheid pleiten.
* Foto ‘Stride foar it heitelân’
januari 4, 2025
december 29, 2024