fan Gerrit van Honthorst*
fan Adriaen van Nieulandt**
Noch jong, want amper fjirtjin jier
en dan al man fan in Marije
út Ingelân, ’t is stjerrend wier,
it gie foaral om macht te krijen.
Wat âlder al yn ’t striderspak
as twadde Willem van Oranje,
hy gie foar ’t militêre fak,
wie tsjin it fredespakt mei Spanje.
Hy wie in strange kalvinist,
koe katoliken net ferneare
en seach himsels as monarchist,
troch hiel de naasje heech fereare.
Gjin oarloch gie er út ‘e wei,
ek net dy tusken eigen stêden,
reginten koed er mar min mei,
tsjin Amsterdam hat hy ’t net rêden.
Noch jong, doe kaam er oan de ein
fan wêr’t er libbenslang nei stribbe,
de pokken ha de wierheid sein,
Marije wachte op nij libben.
* Gerrit van Honthorst (1592-1656)
Skilderij ‘Willem II van Oranje’
** Adriaen van Nieulandt (1587-1658)
Skilderij ‘Allegory op ‘e fredestiid ûnder
steedhâlder Willem II’ |