Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wolkferskaat

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

De woestyn sil bloeie as in roas
wannear’t in wolk syn drippen falle lit,
want út it sied ûntstiet de plant
dy’t fiedt de minske en it dier…
somtiden lykwols bart wat oars.

Lit woestyn Alamagordo sjen
oan ’t minskdom hoe’t in hege wolk ferriist
dy’t liket op in poddestoel,
de drippen komme deadzjend del,
it libben giet foargoed ferlern.

Wittenskippers kamen ta de kearn
fan wat dit wapen wol betsjutte kin
as driging en yn werklikheid,
Alamagordo seach ’t begjin,
lit stean om nei de ein te gean.

De woestyn sil bloeie as in roas
as ’t minskdom syn beskaving reine lit
de grins oer foar de fredesplant.

* Foto ‘Poddestoelwolk’
** Foto ‘Wolk’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum