september 27, 2024
fan ûnbekend*
Daniël
Ik, Daniël, wie stomferheard,
brocht sels gjin inkeld wurd mear út,
mar hearde wol de wurden fan
de man yn ’t kleed fan kostber linnen,
wurden as by tongerslach;
bûten westen rekke ik dêrtroch,
ik lei mei ’t antlit op ’e grûn,
op slach waard ik troch syn hân wach.
‘Heechachte Daniël,’ sa spriek
de man my oan, ‘wês net benaud,
dyn wurden ha my by dy brocht
om tsjin de foarst fan Perzië te
striden… mei foarst Michael;
wês net bang, mar sterk en nochris sterk,
ik ha in boadskip foar dyn folk,
dy tiding lis ik by dy del.’
Sterk fielde ik my troch syn wurd
en harke nei wat hy noch sei
oer twa kear striid, earst tsjin de foarst
fan Perzië, dan fan de Griken:
‘Daniël, dy striid wurdt hurd!’
* Ikoan ‘Daniël’
oktober 9, 2024
oktober 5, 2024