Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Seis bylden yn ien dream

Bibelbylden

fan ûnbekend*

It wie in wûnderlike dream
dy’t Daniël klear wekker makke,
seis bylden sette hy op skrift.

In liuw mei wjukken fan in earn
waard optild, moast it sûnder wjukken
dwaan, kriich dêrnei in minskehert.

It twadde byld wie krekt in bear
dy’t trije ribben yn de bek hie:
‘Ala, oerein,’ waard sein, ‘fret fleis!’

In panter mei de rêch fol fear
fan fjouwer wjukken, fjouwer koppen,
de hearskippij waard oan him jûn.

In freeslik bist waard doe ûntbean
mei izertosken en tsien hoarnen,
in bist dat grutske wurden rôp.

It byld fan Ien yn wite klean
mei hier as wol sa blank waard tsjinne
troch folk dat net te tellen wie.

De minskesoan kriich alle ear
wylst hy de blanke Iene skôge,
syn hearskippij giet net foarby.

Yllustraasje ‘Fjouwer bisten yn Daniëls dream’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum