Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Dresden

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Ferbjustere, de earms fansiden,
stiet er heger as de sleine stêd
troch bommen út ’e hichte wei,
hoewol’t er ’t net op Hitler stean hat,
mei gjin folk sa deadzjend stride.

Hy hat de oarloch jierren skôge,
wit dat Dresden wie in trochfierplak
fan wapens nei it fiere front,
foar Hitler romte om te libjen…
hat de stêd foar dat doel lôge?

Hy koe de deaden amper telle,
fyftichtûzen, mar hy rekke kwyt
de tel mei alle fallen bern…
hat Hitler dêr in trien om litten?
Nazi’s soene ’t net fertelle.

Al jierren stiet hy hjir yn namme
fan de Hear dy’t frede preke hat
foar freon en fijân ûnderweis,
foar Hitler en de alliearden…
ha se har dêrfoar wol skamme?

* Foto ‘Dresden nei it bombardemint’

 


Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum