Ut it skûtsje-argyf 1986
Men soe Langwar net gau ferjitte:
hurde wyn en fol it seil,
dêrby gjin wetter ûnder ’t flak,
dan sylt in skûtsje as in dweil,
mar kin de skipper dêrmei sitte?
Jan* siet yn soargen oer de loete,
want dy lei noch op it dek
fan ’t folchskip, net it krekte plak,
dat foar de wyn sylst dan foar gek…
foar Snits it lêste plak as boete?
Langwar hat Snits doe net fergetten,
brocht de loete nei it skip,
mar wie dat neffens wedstriidwetten?
Wâldsein hat mei ’t probleemke sitten,
fûn it wie dochs fierste gek
dat Jan kaam sa oan syn gerak;
ferjitte is net krekt,
dat moasten Snitsers dochs wol witte.
Se ha it by in driging litten,
want Wâldsein wûn ek in priis,
dan kin men sa’n protest ferjitte.
* Jan van Akker |