Ut it skûtsje-argyf 1986
De geast komt faak mei hurde wyn
en driuwt it minskdom oan
ta grutte hichte;
Earnewâld hâldt hjoed de siken yn,
want alle geasten lykje stoarn.
Te heljen is gjin hoop of heil,
de seilen hingje as in dweil.
Mar foar Emanuel* begjint
yn ’t eigen doarp de geast
foargoed te waaien;
de dûmny is as goadefint
oan board en blaast it aldermeast.
Fan start fan trettjin, ’t ûngelok
waait fuort, it lok falt yn de fok.
It skot klinkt foar Emanuel
sa tusken oaren yn
as nûmer fjouwer;
it heil berikt, it seil kin del,
de geast fan dûmny brocht de wyn.
* De namme fan it Earnewâldster skûtsje:
God mei ús |