Ut it skûtsje-argyf 1986
Der steane fjirtjin stokken op ‘e wâl
as mjitters fan in earlik spul
by start en finish:
’t Grietmansrek, gjin flauwe kul,
want ek mei stokken giet it mâl.
Mar net foar Loadewyk, de âlde rôt,
de rjochterearm stiif om de stok,
al fierwei earste;
inkeld eagen ha it drok:
wa’t tichterby komt, sjit ik kâld.
Dan Siete, Loadewyk syn jonge broer,
de rjochterearm is krekt in stok
om oan te wizen:
”k Ha ’t mei jimme oan de stok,
tink net dat Boalsert is in hoer!’
Der steane fjirtjin stokken op ‘e wâl,
mar ien stiet yn it Grietmansrek
tichtby de finish;
foar Langwar wurdt dat te gek,
it skip rint yn dy iene fal.
|