Ut it skûtsje-argyf 1985
Hy hie it rjocht fan ’t hege wurd,
omdat er earste stie yn ’t klassemint,
de skipper fan Doarp Huzum,
Loadewyk* wie ’t sprekken wend,
want nêst it silen hie it soms syn nut.
Mar Keimpe **, skipper fan de rêst,
hie ek in eachje op it klassemint
en sylde yn djip swijen,
mar ynienen kaam de hint:
‘De seage yn it roer sylt wol sa bêst!’
Gjin rjochten mear foar ’t hege wurd,
want Loadewyk syn earm lei net op ’t roer
fan ’t flaterskip Doarp Huzum,
dreamen dreauwen swijend oer
nei Keimpe, ’t helmhout lyts, de kânsen grut.
* Loadewyk Meeter
** Keimpe van der Meulen |