april 27, 2024
fan ûnbekend*
Lit in rouklacht klinke mei
de froulju út ’e heidenfolken
oer de farao mei al syn folk,
lit him it deaderyk yngean,
yn ’t ryk fan ûnbesnienen,
kriichsfolk delslein troch it swurd,
dy’t libbenen de skrik oandiene.
Kriichsfolk fan Assyrië
en Elam, Edom, Môsjek-Tûbal,
allegearre deade troch it swurd,
sy steane om de farao
syn grêf, de ûnbesnienen,
dy’t de libbenen de skrik
oandiene, mar gjin takomst hiene.
Foarsten út it noarden wei,
Sidoaniërs, lit har mar lizze
by de ûnbesnienen, skande kaam
oer har, lykas de farao
te skande set is mei syn
kliber ta syn grutte skrik,
sa is er út it libben wei dien.
Byld ‘Farao’
oktober 9, 2024
oktober 5, 2024