februari 23, 2024
fan ûnbekend*
De hiele ierde op ien plak,
dat slagget sels net yn it lyts
mei stêden, bergen, oseanen,
mar Chiang Mai bea ûnderdak
oan lju mei each foar wat wol koe.
Sy kamen út ’e hiele wrâld
mei plannen foar in grut projekt
fan tunen út wol tritich lannen
yn Chiang Mai yn mannichfâld:
de hiele ierde op ien plak.
Noch altyd groeit en bloeit it dêr,
de hiele ierde yn it lyts,
model foar ’t nije hof fan Eden,
dêr’t gjin plak is foar ferdjer,
Chiang Mai, it gea fan wat en hoe.
* Foto ‘Chiang Mai, Tailân’
november 22, 2024
november 16, 2024