Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Meane en kreune

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Ezechiël

In sichte tsjinnet om te meanen,
dan giet ommers neat ferkeard
wannear’t it nôt it minskdom sêdet,
mar wat docht it swurd… ek meane?
Oer it wurd fan God wie ik ferheard.

De Heare woe, ik soe myn wurden
smite tsjin it hillichdom,
want Hy soe mei it swurd ek meane,
net it nôt, mar likegoed de
goeden as de kweaden… ik wie stom…

… mar moast as minskesoan wol kreune
oant ik út ’e liken wie,
se moasten my lûd kreunen hearre,
dan soe har de moed ûntsinke…
joech myn kreunen noch wol rie?

* Foto ‘Swurd-sichte’ 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum