Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wetboek as stimpel

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Philips Galle*

Kin in jonkje kening wurde,
leaf en boartlik bern fan noch mar acht?
As ’t gie net inkeld om de macht,
dan wol; wat earst kaam, wiene wurden.

Josjia tocht oan de timpel,
liet syn skriuwer bringe ’t jildberjocht,
de hegepryster seach it ljocht
yn ’t wetboek, fan de Iene ’t stimpel.

Stimpel ûnder rjocht en frede
as it folk hold fêst oan it ferbûn,
mar ’t hie al lang de goaden jûn
wat yngie tsjin it hôf fan Eden.

Image

Josjia wie fan de wize
doe’t hy hearde hoe’t it moatten hie,
syn klean ferskuorde hy as die
fan boete, ’t wie om fan te grizen.

Wa soe wize wurden sprekke
oars as Chûlda, godsfrou yn de stêd:
‘It ûnheil komt it folk oer ’t mêd,
de tiid sil foar de kening rekke.’

* Philips Galle (1537-1612)
Yllustraasje ‘Josjia en it wetboek’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum