oktober 21, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
In riedsel kriich ik fan de Heare
oer twa fûgels as in earn sa grut,
in riedsel om dêrfan te learen.
De earste earn mei brede wjukken,
wide wjukslach, ticht fan fear
en bûnt fan kleur kaam nei de Libanon
en loek it topke fan in seder ôf,
dat hy doe brocht nei ’t lân fan keaplju
en plante yn in hannelsstêd,
mar dêrnei makke hy in kear,
want mei in tûkje yn de snaffel
fleach hy nei syn eigen lân
en plante dat yn grûn dy’t fruchtber wie;
troch wetter groeide ’t tûkje al gau út
ta planten mei de woartels ûnder
en lange ranken nei de earn,
in hiele wyngerd kaam ta stân.
De twadde earn mei brede wjukken,
as de earste ticht fan fear,
seach hoe’t de wyngerd mei syn woartels op
him ôfkaam nettsjinsteande wiete grûn
dy’t soargje koe foar ripe fruchten,
mar mei in drûge eastewyn
ferskroeit de plant: de ommekear.
* Foto ‘Earnfûgel’
oktober 9, 2024
oktober 5, 2024