fan Rembrandt*
Azarja wie in kening mei in hert
dat kloppe foar de Iene,
mar hy hold de goaden heech
op hichten dy’t noch altyd stiene.
Azarja wie in kening fan de striid
mei wit hoe grut syn leger,
gjin gefjocht wie him te dreech,
syn rom klom rûnom hieltyd heger.
Azarja wie in foarst fan boerestân
mei fee en mannich ikker,
hie foar de lânbou hert en each,
syn pongen waarden hieltyd dikker.
Azarja waard in foarst fan ‘hjir bin ik’
foar ’t offer yn de timpel,
kening-pryster, dat hy seach
himsels as fan it hillich stimpel.
Azarja waard in man mei ’t wite fel,
yn ’t earstoan op ‘e holle,
stadichoan fan heech nei leech,
hy hie de hichten oars ha wollen.
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Azarja mei melaatskens slein’
|