Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Jehû

Bibelbylden
PDF Print E-mail
It lân wie fol mei Baäl-tsjinners,
noch sloegen sy foar pryster op,
mei steil it wurd en heech it krop
beskôgen sy harsels as winners.

In kening moast feroaring bringe,
ien dy’t wer foar de Iene stried,
gjin Baäl-tsjinner libje liet,
gjin ôfgod mocht yn ’t lân wer kringe.

Sa gie it yn dy gaos-dagen,
fan trochinoar nei trou en rjocht,
’t wie Jehû dy’t feroaring brocht,
in kening sûnder wifel-fragen.

Hy spile ’t spultsje fan sabeare:
de goadetimpel as it plak
dêr’t ek de foarst kriich syn gerak,
omdat hy Baäl joech de eare.

It waard in gaos yn de timpel:
gjin Baäl-tsjinner bleau noch oer,
mar foar foarst Jehû waard ’t in toer…
it rjochte paad wie net sa simpel.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum