september 6, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
‘Minskesoan,’ sa klonk Gods stim,
‘do litst it bline, dôve folk hjoed sjen
dat ballingskip syn foarlân is,
dus bring watst nedich hast, nei bûten,
lit dat sjen op ljochtskyndei,
in gat silst yn de muorre meitsje
as it tsjuster wurden is,
doch dan in doek foar dyn gesicht
as teken fan de blinens fan it folk,
it sil de ballingskip yn reitsje.’
Alles wat God sein hie, die
ik, wat foar ’t hiele folk in teken wie.
‘Minskesoan,’ sa klonk Gods stim
wer, ‘hat it bline, dôve folk neat sein?
Sis: wat ik dien ha, sil ek jim
oerkomme, want it hat in teken
west; jim kening ûndergiet
itselde lot, hy rint ferbline
út it gat wei fierder nei
in lân, foar him net mear yn sicht,
syn helpers wurde op ’e wyn ferstruid,
gjinien sil ’t paad werom ea fine.’
* Yllustraasje ‘Ezechiël’
oktober 9, 2024
oktober 5, 2024