Ut it skûtsje-argyf 1983
Men hie net oars tocht as ’t is klear,
want Earnewâld wurdt kampioen,
net male dus om de finale,
oan de Zwaga’s* alle ear.
Mar wêr’t de spanning klimt, bart faak
dat perspektyf foar ’t oare winkt,
ferliezers dy’t nei eare tale,
lykas Joop**, ultym syn wraak.
Doarp Grou foer fûl al ier op kop,
wylst Earnewâld kaam let op gong,
it skûtsje swalke op plak trettjin,
dus gjin wimpel yn de top?
Mar ’t wie foar Joop noch lang net klear,
want Zwaga trije*** hie protest,
soe Huzum út ‘e útslach jeie,
dat syn broer wûn, Joop ferlear.
It spul gie nei de wedstriid troch,
want Earnewâld wie kampioen,
mar Grou koe yn de Feanen kraaie,
lykwols wie dy striid omdoch.
* Jeen Zwaga fan Earnewâld
Ulbe Zwaga, syn heit en adviseur
** Joop Mink fan Grou
*** Lammert Zwaga fan Langwar |