juli 29, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
De Heare rôp syn ingels op,
seis mei in bile yn de hân,
de sânde hie in kleed fan linnen oan
en skriuwark oan de mulriem.
De Heare spriek de sânde oan:
‘Nim hjoed it skriuwark yn de hân
en set in teken op ’e holle fan
de lju dy’t wol goed wolle.’
De Heare spriek it seistal oan:
‘Nim hjoed de bile yn de hân
en slaan de oaren ûngenadich dea,
sy hawwe net it teken.’
Ik seach as minskesoan it oan
hoe’t liken leine rûnom foar
Gods hillichdom , ek troch de hiele stêd,
ik bleau allinnich achter.
Ferslein spriek ik de Heare oan:
‘Och Heare God, dit is te bar,
fan Israel bliuwt sa gjin minske oer,
jo grime lit elk stjerre.’
De Hear rôp my as tsjûge op
fan dat der wie gjin oare kar
as foar de straf foar ûngerjochtichheid,
dat nimmen soe Hy sparje.
* Yllustraasje ‘Ingel mei skriuwark’
oktober 9, 2024
oktober 5, 2024