Ut it skûtsje-argyf 1983
In dikke fjouwer, heechút fiif,
sa wie ’t Terhernster wynberjocht,
dat skippers holden ’t op ien reefke,
sa bleauwen skûtsjes rap en rjocht,
mar dochs de wyn waard sterk en stiif.
Se brûsden oan, Langwar op kop,
de Pan as twadde, doe kaam Grou
yn ’t nije wyt en sûnder reefke,
oer stjoerboard knipend, net yn ’t nau,
oer bakboard rom ek, heech it krop.
It sinneljocht striek oer de mar,
de wyn joech him ek justjes del,
dus rap derút dat iene reefke,
de kop waard hurd, it striden fel,
doe helle ’t oan, der wie gjin kar.
In filmploech, by de Pan oan board,
sloech weagen op yn ’t apparaat
en skeane tugen sûnder reefkes,
it waarden bylden mei fûl praat
oer folop fiif, de wyn hie scored. |