Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Moäbs ûndergong

Bibelbylden

fan ûnbekend*

’t Is út mei Moäbs gloarje,
alle stêden gean deroan,
in ein komt oan syn folksbestean,
ja, skriemend klimme se omheech
en roppend giet it derby del,
it lânskip sil feroarje.

It wurdt in woestenije,
dêr’t gjin minske noch ferkeart,
fan folksbestean nei ballingskip,
foar Moäb is ’t de earste kear
dat alle fetten reitsje leech,
der is gjin wyn te krijen.

Beklei him allegearre,
elk dy’t him by namme ken,
want brutsen is de hearskersstêf,
hy sit net mear op ’t eareplak,
mar op ’e smoarge grûn, sa leech,
hy is folslein mislearre.

* Foto ‘Moäb’

 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum