| Ut it skûtsje-argyf 1983 
 Gjinien kin dat begjin fertellefan de mêst yn ’t Simmerrak,
 hoe’t dy ferrôle nei dat plak,
 dat wit allinnich de ballade.
 De mêstemakker oan de kadehie him hakke út ien stik:
 identiteit fan ‘dit bin ik’,
 sa lei er bûten by it wetter.
 It wie in dei of trettjin letterdoe’t der kaam in âlde mêst,
 kondysje koart, net al te bêst,
 it waard in kliemen en in kleien.
 De nije seach him doe al swaaienmei in wynkrêft fan dik sân,
 út ien stik bleau sa nea yn stân,
 de âlde sei, hy wist wol better.
 It eigen aard bleau ûnder wetterwol yn stân, in ivichheid
 behold er syn identiteit;
 de nije joech er doe in setsje.
 Dy koe de plûns earst net befetsje,’t sinken joech in frjemd gefoel
 en ûnder wie ’t in modderboel,
 mar fierder, bêst sa ûnder wetter.
 It wie in jier of trettjin letterdoe’t in dûker by him kaam,
 in kabel joech in flinke raam
 en sjoch, hy lei wer op ‘e kade.
 Sa oan de ein fan de balladekomt it der dan einlings fan:
 in mêst, nij op ‘e Snitser Pan…
 of is dit út ‘e tomme helle?
 
 |