Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wjukslach by Langwar

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1982

Wa wie it dy’t de moarns wis sei,
de wyn soe taslaan mei krêft seis,
fan fjouwer ôf, it koe net misse:
alle spieren spanne ûnderweis
en flakke tugen soene ’t risse.

Image

’t Wie net de wjukslach yn de loft
dy’t soarge foar in protte wyn
foar skippers dy’t it mâl opsizze:
‘Slaan ús wynkrêft seis der mar ris yn
om op ien houten ear te lizzen.’

De wjukslach naam it fjild yn byld,
in perspektyf as út in wolk,
gjin wolk lykwols foar fûle twirren,
dus ferfeeld hong om it skûtsjefolk
mei ’t langstme nei in hânfol blierren.

Behalve de Langwarder swan,
dy’t mei de wjukslach yn de flecht
fûl stribbe nei de heechste eare;
’t folk stie spierespannend op ‘e plecht
de fok te hâlden en te kearen.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum