januari 14, 2023
fan ûnbekend*
Jeremia
Lis de stiennen nêst it paad
as wizers om de wei te finen
nei dyn hûs werom, faam Israel;
hoe lang maalsto noch om,
dwers fanke datsto bist,
mar no bisto in frou
dy’t tsjin har man seit: ‘Kom!’
Harkje nei wat Juda seit:
‘De Heare sil mei heil ferskine
foar ús lân en hillich is de berch
dy’t útsjocht op ús paad
werom, elk krijt syn plak:
de boeren op ’e bou
en keppels, earst ferspraat.’
Sjoch nei wat de Heare joech:
wa’t smachte fan de toarst, kriich drinken,
wa’t in lege mage hie, waard sêd;
besiedzje sil de Hear
de grûn fan hiel it lân,
Hy brekt no net mear ôf,
mar bout en makket klear.
* Foto ‘Paad werom’
oktober 9, 2024
oktober 5, 2024