Ut it skûtsje-argyf 1982
It skûtsje tusken ljocht en tsjuster
mei de heale moanne yn it seil
koe net mear folop skine,
rekke nei in tiid fan tuskenyn
folslein de rûte bjuster.
De skipper wie bekend fan namme,
Brouwers brûsden yn de striid foarop,
mar Chris koe ’t plak net fine,
ûndersocht it skip fan kont oant kop
en sei it ûnbeskamme.
De hearen woene gjin nij skûtsje,
wol in nije skipper stie har oan,
ien mei in ljocht ferline,
dy’t de moanne sylde nei de moarn,
dat Chris moast nachts mar boetsje.
De âlde skipper hat net wrokke,
gunde ’t skûtsje mannich earste priis,
mar ’t ljocht soe noch net skine:
nije moanne skimeret inkeld griis,
dat Teake* koe wol flokke.
* Teake Visser |