Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Net foar de winst

Bibelbylden
PDF Print E-mail
Naäman, oer de hiele lea wer skjin,
wie mear as dik tefreden,
hy seach syn sûnens as gewin,
geskinken leine yn de rede.

Hy gie werom nei de profeet en spriek
heech op fan God, de Iene;
Hy dy’t de takomst iepenbriek,
soe him dy frijheid wol ferliene.

Eliza lykwols joech dy frijheid net,
hy naam neat oan, as tsjinner
hie hy him yn de frijheid set,
geskinken wiene foar de winner.

Naäman frege fan it lân de grûn
(wat lei net yn de rede)
foar syn offer, want hy wie wer sûn,
Eliza groete: ‘Gean yn frede.’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum