Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tweintich foar hûndert

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Tintoretto*

Kinne tweintich bôlen hûndert wurde?
Lit it sizzen dat mar dwaan
en fierder… lit it dan gewurde,
want de Iene sil gol jaan.

Earst kaam ien mei bôlen út Sjalisja…
hied er fan de honger heard?
Hy joech dy oan profeet Eliza,
mar waard elk dêrfan wol sêd?

Twivels kamen by de tsjinner boppe:
wiene tweintich wol genôch
foar hûndert, dagenlang al roppich…
bargen om in lege trôch.

Tweintich binne hûndert wurden,
sa’t Eliza’s sizzen wie,
hy hat dêrboppe noch ferwurde
wat de Iene sei en die.

Image

* Tintoretto (1518-1594)
Skilderij ‘Eliza fermannichfâldiget de bôlen’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum