foar deputearre Piet Adema fan de Christen Unie
Lit no de trommefluezen trilje
fan in wier ferhaal, hurd as beton,
oer ierdman Petrus en syn skiljen,
himelswevend as in luchtballon.
Us ierdman woe noch wol wat leare
fan in Petrus, yn de brâning rots,
mar nij beton skonk him gjin eare,
dochs song hy stânfêst de ‘ere Gods’.
De ierdman waard de plakferfanger
yn ’t betonbedriuw fan Famitec,
syn stribjen wie dochs wol wat langer
bliuwe, eigen baas wie net sa gek.
Betonnen kelders foar it skiljen,
silo’s foar ferbining mei de Hear;
fan kille kelders moast er grilje,
mar stânfêst besong er God syn ear.
De telefoan wie doe syn lêste
rêding om te wurden direkteur;
mei sân pear earen wie it bêste,
wa’t mei twa woe, hiet by him in seur.
Hy draaide om de wierheid hinne
lykas Petrus yn it rjochtsgebou;
ús ierdman koe it pleit net winne,
mar besong Gods eare hou en trou.
Hy woe it folk moast him fertrouwe,
ienheid: ierdman, fraksje en bestjoer;
op trije-ienheid koe men bouwe,
Christen Unie, God syn silotoer.
Us ierdman woe wol deputearre
wurde, gjin beton, wol sêft op ’t plús;
Gods telefoantsje woed er hearre,
mar syn kristenmaat koe wol oan ’t krús. |