januari 29, 2022
fan ûnbekend*
Jesaja
Jo hawwe ús de rêch takeard,
sadat it kwea ús yn de ban hold;
Sion leit foar wyld derhinne,
jo timpel is fertard troch fjoer…
wat bliuwt der dan noch foar ús oer?
Wy roppe God oan as ús Heit,
dan kinne Jo net langer swije;
as Jo pottebakker binne,
dan wurde wy as sêfte klaai,
jo hannen rêde dêr dan mei.
Dan binne wy tenei jo folk,
dat dêrnei tinkt oan rjochte wegen,
dat wy ’t rjocht yn acht wer nimme,
dan nimme Jo it foar ús op
en bouwe wy de stêd wer op.
* Foto ‘Hannen fan de pottebakker’
oktober 9, 2024
oktober 5, 2024