januari 2, 2022
fan ûnbekend*
De iuwen troch wie ’t al de deal
fan earmen earmer, riken riker,
sa hie de Heare it bestjoerd,
wa oars hie ’t foar it sizzen?
Op ’t lêst gie ’t om de blanke siel.
De krisis makke net in deal:
de earmen like earm, de riken
ferlearen op ’e beurs de moed
en moasten ’t oandiel misse
fan earst in kapitaal gehiel.
De presidint fûn it New Deal,
foar elk, foar earmen en foar riken,
in strategy dy’t wurke goed;
hy hie it doe foar ’t sizzen:
‘Ik triuw dit miel jim troch de kiel.’
* Fotokollaazje ‘New Deal’
november 24, 2024
oktober 27, 2024