Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Obadja

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Hendrick Goltzius*

Obadja, hofmaarskalk fan Achab,
tsjinne ek de Iene, sels noch mear,
hy rêde ’t libben fan profeten
fan Izébels wurd en spear,
fan honger ek mei ’t deistich brea,
hy wie in man fan rjocht en frede.

Obadja moast fan kening Achab
wetterwellen sykje, dêr’t noch gers
te finen wie foar alle dieren
by ’t paleis, oars soe it mes
de slacht ynsette, mar sa’n dea
koe ’t keninklike hôf net siere.

Obadja, tusken foarst en godsman,
seach ynienen op syn paad profeet
Elia: ‘Sprek do fan myn kommen!’
Mar Obadja siet yn need,
want kaam de moeting net, de dea
soe dan foargoed syn lûd ferstomje.

Obadja, bringer fan de wurden
dy’t Elia foar de kening hie,
wie by de moeting mei ferwiten,
hearde hoe’t it fierder gie:
in oprop troch it hiele gea,
de Karmel brocht in oare rite.

Image

* Hendrick Goltzius (1558-1617)
Ets ‘Moeting fan Elia mei Achab’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum