Ut it skûtsje-argyf 1981
Tjitte* hie it grif te sizzen:
‘Wurdt It Fean al kampioen,
ik fiel my dan net langer bûn,
bliuw noflik by it folchskip lizzen.’
Syn bemanning woe ’t net witte:
‘Mei de swurden yn de grûn
gjin gong en dus gjin kampioen,
dus bliuwt ús skipper fêst wol sitten.’
Op De Lemmer koe’t net misse:
Tjitte hie syn plakje fûn,
hy wie sawat al kampioen,
gjin oare skipper soe dat risse.
Needlot koe de kâns noch brekke:
’t lûde kreakjen fan de mêst,
wat like foar de fuortgong bêst,
moast Tjittes skipper-wêzen rekke.
Mei ien wedstriid noch te farren
stie It Fean wol seis noch foar,
dat Tjitte stelde net teloar
as oaren mar de punten garren.
Risiko koe ’t Fean net rinne,
woe it wurde kampioen,
gjin swurd kaam dêrom yn de grûn,
in fiifde plak wie lykas winne.
Winner fan de striid waard Siete**,
treastpriis yn in min seizoen,
mar bliuwend oan syn skûtsje bûn,
want skippers reitsje net fersliten.
* Tjitte Brouwer
** Siete Meeter |